Sebastiaan schreef:http://www.omropfryslan.nl/nijs/kalde-winter-mei-natueriis Het orakel heeft gesproken. We krije in te kâlde winter en we kinne reedride op natueriis. Dat is de earste foarsichtige konklúzje fan waarman Piet Paulusma nei oanlieding fan de earste kompjûtermodellen mei in winterferwachting. Letter dizze wike komt Paulusma mei mear ynformaasje oer de kommende winter. Ein november sil er de definitive winterferwachting bekend meitsje.
Kinne jo dat net efkes oersette yn geef Nederlânsk? Sa kin ik der net goed wiis út wurde.
Op "Weerwoord" lies ik dat men alwer de gek hat mei dizze pramatuere foarsizzing, lykwols moat ik der op wize, dat neffens de atmossfearmodellen de earste dekade fan oktober driget mei neisimmersk waar. Dat is in ynteressant gegeven, fawege it feit dat it yn it ferline altemets foarkommen is, dat in moai en sêft úteinsetten fan oktober folge is fan in kâlde of strange winter. It is my altyd bybleaun - en ik mei der ek graach efkes op wize - dat it de earste tsien dagen fan oktober 1978 sok kostlik moai waar wie. En men wit wat dêr op folge is.
Foar de rest is it jaan fan in winterfoarsizzing op dit stuit fansels fier der by troch. Dat docht men gewoan net. It hat gjin inkeld doel, it is gewoan net mooglik op dit stuit al in serieuze winterferwachting út te sprekken.